Eefkes byprate mei: Gerhard Pietersma fan it Earnewâldster skûtsje

22 jul 2019 - 08:00

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start lizze fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne de klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Dizze moandei Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld.

Gerhard Pietersma - Foto: Martin de Jong

Gerhard Pietersma is sûnt 2004 skûtsjeskipper op it skûtsje fan Earnewâld. Yn 2018 einige hy mei Earnewâld op it sechsde plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Dy is super, noch hieltyd itselde as oare jierren."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"By Earnewâld fansels. Ik fyn de lytse romten moai, mar it is ek lekker om foar thúspublyk te silen. Oeral dochst dyn bêst, dus wat dat oanbelanget makket it neat út, mar it jûchheien fan it eigen publyk makket it wol ekstra moai."

Wat gean jim dit jier oars dwaan?
"We moatte konflikten mije dit jier. Wat it skip en de bemanning oanbelanget dogge wy neat oars, dat gie foarich jier sa bêst as wat."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Hielendal neat, wy hawwe it skip allinnich skjinmakke."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Ik soe it sa net witte, wy hawwe gjin geheimen. Ik praat oeral ek wol maklik oer. As jonge skippers wat witte wolle, dan fertel ik se dat graach."

Wat is it bêste iten om op de silen?
"Miskien in bytsje frjemd, mar stoofparren fyn ik hearlik foar it silen. Mei in lekkere gehaktbal derby bygelyks, ja dêr hâlde wy wol fan."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrint?
"It Hearrenfean en Akkrum binne de rapste skûtsjes, grutte konkonkurrinten dus ek."

Wêrom gean jim dit jier winnen?
"Dat moatst noch mar ôfwachtsje, der is in hiel groepke dat goede kâns makket. It Hearrenfean en Akkrum binne rap, mar der binne mear dy't deroan komme."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)