Jeanine en Hester rûnen de Nijmeegske Fjouwerdaagse foar it goeie doel: "Ta neitins oan ús mem en beppe"

22 jul 2019 - 07:48

Jeanine en Hester Kuipers út Deinum rûnen de Nijmeegske Fjouwerdaagse foar it goede doel. De mem fan Jeanine en de beppe fan dochter Hester ferstoar oan de Sykte fan Kahler, in kankersoart. Yn neitins oan harren mem en beppe hellen beide froulju jild op yn de striid tsjin kanker. "Wy hoopje dat wy foar in soad minsken wat betsjutte kinne, út namme fan ús mem."

Foto: Omrop Fryslân

Fjouwer dagen lang alle dagen fyftich kilometer rinne om al mei al 2000 euro yn te sammeljen: dat wie it doel fan Hester en Jeanine. En mei sukses, want freed kamen beide froulju oer de einstreek fan de Nijmeegske Fjouwerdaagse. Dreech hawwe se it net hân. Hester: "Allinnich de twadde dei wie it wat draach. Mar de tredde en fjirde dei gongen better as de earste dei."

Traine by de McDonald's

Om de Fjouwerdaagse te rinnen, hawwe mem en dochter de nedige tariedings troffen. Jeanine: "Wy ha fan april ôf frekwint traind. Dan rûn ik moarns om seis oere fan Deinum nei Harns en dan nei de McDonald's foar in moarnsbrochje. En dan werom, dan hie ik myn ôfstân fan dy dei der wer op sitten."

Ik wie bliid dat ik de sinnebril op hie, sadat minsken myn triennen net sjen koenen

Jeanine Kuipers

It plan om te rinnen foar it goede doel ûntstie doe't de mem fan Jeanine en de beppe fan Hester op har kremaasje gjin blommen woe, mar frege oft minsken wat jild oermeitsje woene nei KWF Kankerbestrijding. Jeanine: "Underweis waarden wy geregeld oansprutsen fanwege ús flachjes. Foar my wiene der ek dagen by dat ik bliid wie dat wy efkes de sinnebril op hiene, dan koenen minsken ús triennen net sjen."

Efkes slikke

Benammen de kuier lâns it Radboud Sikehûs die in soad mei beide froulju. "Wy rûnen lâns it Radboud Sikehûs dêr't pasjinten yn it skaad sieten om ús oan te moedigjen, dan is dat wol efkes flink slikke", jout Jeanine ta.

Takom jier wer kuierje

Doel wie om al mei al 2000 euro op te heljen foar it goeie doel. Dat is in hiel ein slagge. Der stie snein 1600 euro op de rekken. Hester: "Wy dogge takom jier wer mei. Wy moatte allinnich efkes sjen oft we de 40 of 50 kilometer dogge. Dan rinne we wer gewoan foar ússels." Jeanine: "It is fantastysk dat safolle minsken ús stipe ha, mar foar in grut part komt dy stipe út ús eigen krinkje. Wy kinne net alle jierren wer in berop dwaan op dizze minsken."

Mem Jeanine en dochter Hester rinne tsjin kanker

Ek stypje?

Wolle jo ek jild jaan foar de striid tsjin de Sykte fan Kahler? Donearje kin fia rekkennûmer NL38 AEGO 0742 1119 46, t.n.f. A. Kuipers eo JAL Spanjer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)