Anne Tauber wint NK Mountainbike

22 jul 2019 - 06:26

Mountainbiker Anne Tauber út Oranjewâld is snein yn Sittard Nederlânsk kampioene mountainbiken wurden. Yn ôfwêzigens fan titelferdigener Anne Terpstra wie Tauber de grutte favoryt. Sy makke dizze rol wier troch de nûmers twa en trije Annemarie Worst en Sophie von Berswordt fier efter har te litten.

Foto: ANP Foto

Tauber waard twa jier lyn yn Landgraaf ek al Nederlânsk kampioene. Ein dizze moanne is it Europeesk kampioenskip mountainbike yn it Tsjechyske Brno. Tauber is lykwols net selektearre troch bûnscoach Gerben de Knegt.

"Het was in eerste instantie wel spannend," seit Tauber. "Ik was wel nerveus want een mountainbike-rit loopt nooit zoals je verwacht. Foutjes zitten in een klein hoekje. Maar de eerste twee ronden reden we eigenlijk met z'n drieën, Sophie had een strak tempo, dus ik dacht ik moet maar zien of ik er aan kan tippen. Ik kwam op kop te rijden en ik kreeg best een gaatje, maar het was een lange wedstrijd dus ik moest mijn concentratie er goed bijhouden."

Dreech parkoers

De paadsjes binne smel, dus de kop moat der goed by bliuwe. "Het was een mooi, maar wel een technisch parcours. Bij de klim na het technische stuk keek ik achterom en toen dacht ik: nu moet ik doortrekken." Doe slagge it har om te winnen.

Grutsk

Sy is tige grutsk dat sy wûn hat. "Ik was echt ontzettend blij, je krijgt toch een rood-wit-blauwe trui aan en die draag je toch een heel jaar. Ik rijd maar één wedstrijd in Nederland in het jaar, dat is het WK. Dus als je bij internationale wedstrijden kunt laten zien dat je Nederlands kampioen bent, dat is vooral heel erg leuk."

Mountainbiker Anne Tauber út Oranjewâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)