Noardske falken briede mei sukses op Flylân en Skylge

22 jul 2019 - 06:01

Der binne op Skylge en Flylân dit jier sân jonge Noardske falken grut wurden; de fluchste fûgels fan de wrâld. Trije op Skylge en fjouwer op Flylân. Op it Grinzer Waad hawwe twa piken út ien nêst it ek rêden op Rottumerplaat. It betsjut dat de tige seldsume rôffûgel stadichoan yn oantal tanimt op it Waad. De soarte hat op it Fryske Waad ien kear earder op Flylân bret.

De trije jonge noardske falken fan Skylge - Foto: Anno Smit, Staatsbosbeheer

Wat it hielendal spesjaal makket, is dat de fûgels op de eilannen op de grûn bret ha en net lykas meastentiids bart op hege gebouwen. De lokaasjes wiene min te berikken troch kuierders en dus hat natuerbehearder Steatsboskbehear it oandoart om de nêsten net ôf te setten.

Hielendal as in ferrassing komt it net; op it Dútske Waad briede de fûgels op sânplaten. Alle fûgels kinne al fleane en sille nei alle gedachten gau ôfsette of binne al ôfset. No't der mei sukses bret is, komme de fûgels mooglik takom jier wer werom.

In jong fan de blauwe Hoanskrobber op Skylge. - Foto: Anno Smit, Staatsbosbeheer

Steatsboskbehear is hiel bliid mei dizze briedgefallen. It goeie nijs bliuwt op Skylge net beheind ta de Noardske falken; der hawwe dit jier twa spantsjes blauwe hoanskrobbers bret. Dat is in hiel seldsume soarte. Eartiids hawwe der in hiel soad bret op it eilân, mar dat is al lang lyn. It bleau oant no ta by in inkeld briedgefal en dat nêst is earder ris troch minsken leechhelle.

Ek oare fûgels

No is alles goed gien en binne der seis piken grut wurden. Dy kinne al goed fleane. De jonge fûgels binne ek ringe. De oare rôffûgelsoarten dogge it ek prima op it eilân, lykas de brune hoanskrobber en de hauk. Der is ek in fjildûle sjoen, mar it Fryske fêste lân wie mei it grutte oantal fjildmûzen mooglik in plak dêr't ek fûgels hinne gien binne, dy't oars op it eilân briede soene.

Boskwachter Wanda Bakker oer it sukses fan de Noardske Falk

Blauwe Hoanskrobber op Skylge. - Foto: Anno Smit, Staatsbosbeheer
(Advertinsje)
(Advertinsje)