Harnzer hellet 'achtbaanútdaging' yn Walibi: "Eigenlijk zonder problemen"

21 jul 2019 - 21:49

De 18-jierrige Joey Schadenberg fan Harns is der sneintejûn yn slagge om yn totaal tweintich oeren lang yn in achtbaan te sitten. Leafst 220 ritten makke hy op sneon en snein yn achtbaan de Condor yn attraksjepark Walibi yn Biddinghuizen. Mei syn aksje hat er 1.567 euro ophelle foar in goed doel: stichting Opkikker.

Foto: Joey Schadenberg

Sneintejûn om acht oere hinne stapte er út de achtbaan yn Walibi. In dei earder wie hy moarnsbetiid begûn. "Eigenlijk ging het zonder problemen", sa fertelt Joey. "Zaterdagochtend stapte ik in de Condor. Dat ging redelijk goed, eigenlijk had ik de hele dag nergens last van. Op het einde van de dag kreeg ik wel een beetje pijn in mijn schouders en benen."

De twadde dei wie wol wat dreger foar de jonge Harnzer. "Vandaag was het wel wat pittiger. Het heeft me wel een beetje tegengezeten, maar ik heb het compleet volgehouden. Ik kijk terug op een heel geslaagd weekend. Er kwamen zoveel mensen supporteren en het was een hele leuke crew bij de achtbaan. Ik zou het zo weer doen, als het een andere achtbaan was!"

Takom wykein wer

Klear mei al dy achtbanen is Schadenberg lykwols noch net. Takom wykein is hy wer yn Walibi te finen. "Maar dan sla ik de Condor voor een keertje over, zo heb ik besloten."

Joey Schadenberg fan Harns

De kollega's fan Omroep Flevoland sochten Joey Schadenberg dit wykein op yn it attraksjepark yn Biddinghuizen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)