Mear oanjeftes tsjin ûntuchtfertochte

11 nov 2011 - 10:22
Foto: Omrop Fryslân

Tsjin de 27-jierrige Harnzer dy't fertocht wurdt fan ûntucht mei bern tusken de 11 en 16 jier binne trije nije oanjeftes oanjeftes dien. Dêrmei komt it tal oanjeftes op alve. Se komme út de groep bern fan tritich slachtoffers.

De Harnzer filme en fotografearre wat by him thús barde. Dy bylden makke er foar eigen gebrûk. Hy sette se net op ynternet. De jongeren moasten bygelyks oer him hinne rinne, wylst er sels neaken wie. De Ljouwert rjochtbank hat dizze wike bepaald dat de Harnzer yn alle gefallen noch sechstich dagen langer yn hechtenis bliuwe moat.

Trefwurden: 
Harns ûntucht
(Advertinsje)
(Advertinsje)