Dûbelslach Tuinenga-en-dy: keatsfroulju winne ek yn Wergea
Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hawwe snein de haadklassepartij by de froulju yn Wergea wûn. Foar dat partoer wie it in suksesfol wykein; in dei earder wûnen Tuinenga-en-dy ek al de keatswedstriid yn Makkum.
Harren tsjinstanners yn de finale yn Wergea wiene ek deselde keatssters as sneon: Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra. Snein hiene Tuinenga-en-dy it krekt wat dreger yn de finale: it waard 5-3 en 6-4.
Lytse preemje
Op it tredde plak einigen Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol. Sy ferlearen yn de heale finale fan it partoer fan Ilse Tuinenga. Foar Dijkstra-en-dy wie it ek in werhelling fan it resultaat fan in dei earder yn Makkum.