Van der Bos-en-dy winne Rengerspartij yn Ljouwert

21 jul 2019 - 17:02

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hawwe sneintemiddei yn Ljouwert de tradisjonele Rengerspartij wûn. Yn de finale wûn it partoer mei 5-2 en 6-0 fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Tjisse Steenstra waard nei ôfrin útroppen ta kening

Van der Bos-en-dy pakten relatyf ienfâldich de earste fjouwer earsten. Van Zwieten, Van der Schoot en Zijlstra kamen noch werom oant 4-2, mar dêrnei pakten harren tsjinstanners de winst.

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar pakten de lytse preemje yn Ljouwert.

(advertinsje)