Bouwmeester docht goeie saken op tredde dei fan WK Laser Radial

21 jul 2019 - 14:33

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei fiif races op it tredde plak yn it algemien klassemint fan it WK Laser Radial yn Japan. De Olympysk kampioene út Warten naam revânsj foar har teloarstellende fyftjinde plak op sneon. Snein waard se yn trije races respektyflik fjirde, fyfde en achtste. Bouwmeester moat de Sweedse Josefin Olsson en de Amerikaanse Railey Paige foargean litte.

Foto: Ocean Images Photography / Watersportverbond

Mirthe Akkerman fan Akkrum stiet op it twintichste plak yn it algemien klassemint. Akkerman pakte yn race trije in hiel knap tredde plak en waard fjirder noch 13e en 20e.

It WK Laser Radial duorret noch oant en mei woansdei 24 july.

(advertinsje)
(advertinsje)