Fan tsjerkhôf oant muzykkorps: Buro De Vries gong op besite yn Arum

21 jul 2019 - 13:44

Buro de Vries is fan 't simmer alle wiken twa oeren te gast yn in Frysk doarp. Wat is it karakter fan it doarp? Wat is der allegear te rêden? Hokfoar nijsgjirrige minsken wenje der? Dizze kear is de bestimming Arum!

Foto: Omrop Fryslân

De Gekroonde Leeuw

De Gekroonde Leeuw is ús gasthear. Eigeneres is Roos van der Veen, dy't yntusken al wer seis jier efter de taap stiet. It befalt har poerbêst. Njonken in kroech runt Roos ek in lyts restaurant en seis sliepkeamers. En dat is noch net alles, want Roos kombinearret har wurk yn De Gekroonde Leeuw mei in baan yn in sikehûs yn Amsterdam. Mei rjocht is sy ús 'Gekroonde Leeuwin'.

Foto: Omrop Fryslan

Roos van der Veen fan De Gekroonde Leeuw

Lugubere ferhalen

It tsjerkhôf fan Arum wie yn 1880 fol. Der kaam in nij begraafplak, mar in boerinne dy't ferstoar hie foar har stjerren sein dat se perfoarst njonken har man lizze woe. Dy lei noch op it âlde tsjerkhôf. Arbeiders ha doe midden yn de nacht stikem it lyk fan de boer út syn grêf helle en njonken syn frou lein. Arum-kenner Oane Anema fertelt dit wat lugubere ferhaal.

Foto: Omrop Fryslan

Op besite op it tsjerkhôf fan Arum

Hannen út 'e mouwen

Op it yndustryterreintsje fan Arum falle se daliks op: de kranen op it terrein fan Machinehandel Anema. It giet goed mei dit bedriuw dat de grutste wurkjouwer fan Arum is. Sels sa goed dat net alle fakatueres ynfolle wurde kinne.

Foto: Omrop Fryslan

Machinehandel Anema

Foar master opslaan

Arum, Kimswert, Peinjum, Wytmarsum en Surch ha meiinoar in fisy opsteld: it Masterplan 'Gouden Land'. In plan dat oant 2030 syn beslach krije moat. It giet oer de ynrjochting fan it lânskip om de Marneslenk hinne. Dêrby is sjoen nei kultuertoerisme en leefberens, biodiversiteit en klimaatferoaring.

Foto: Omrop Fryslan

Masterplan Gouden Landen

Kreative geast yn de tsjerke

Keunstner Louis Hagen ferhuze fiif jier lyn fan Skylge nei Arum. Op Skylge wenne en wurke hy al yn in tsjerke; datselde koe er ek yn Arum dwaan. Hy kocht de eardere grifformearde tsjerke en luts deryn. Wurkjen en wenjen rint trochinoar by dizze keunstner, dy't hâldt fan kleur.

Foto: Louis Verhagen

Keunstner Louis Hagen

In boppeslach

Arum is in echt keatsdoarp. It wûn fiif kear de Freule: yn 1905, 1930, 1946, 1980 en 1984. Jan Hiemstra fan it winnende partoer yn 1946 wennet noch altyd yn Arum. Hy is no hast 90 jier. En de lêste kear dat Arum de Freule wûn siet, Gerben Okkinga yn it partoer. Syn jongere broer Johan helle wol de finale mar wist dy net te winnen yn 1987. Jan Hiemstra, Gerben Okkinga en Johan Okkinga prate oer Arum as keatsdoarp.

Foto: Omrop Fryslan

Arum is in keatsdoarp

By de les

Nei de fúzje tusken de twa skoallen yn Arum is in wurkgroep hurd dwaande in nij skoalgebou te realisearjen. De skoalle komt der wol, dêr is men fan oertsjûge yn Arum. Mar de Arumers wolle mear: de skoalle moat ek in soarte fan doarpslokaal wurde, dêr't ferieningen repetearje kinne en dêr't oare doarpsaktiviteiten hâlden wurde.

Foto: Omrop Fryslan

Plannen foar it nije skoalgebou

Op de planken

It toanielspyljen libbet yn Arum. Der is al in pear kear in iepenloftspul opfierd en der wiene twa toanielferienings dy't koartlyn fierder gien binne as ien feriening. It Frysk selskip Arum helle it ôfrûne jier de earste priis yn de toanielkriich, de jierlikse wedstryd foar amateurtoanielferieningen. Regisseur Lieuwe Tolsma waard dêrby keazen ta bêste regisseur.

Foto: Omrop Fryslan

Al 100 jier muzyk

It korps Wubbenus Jacobs spilet ûnder lieding fan dirigent Arjen Steur út Boalsert. De kristlike muzykferiening hat 30 leden. Takom jier is in wichtich jier foar it korps, want dan bestiet it 100 jier. Se komme út yn de tredde divyzje, neidat se twa kear promovearre binne.

Foto: Omrop Fryslan

Toaniel en muzyk yn Arum

Trefwurden: 
Arum doarpetoer Buro de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)