Dronken manlju fljogge mei elektrysk weintsje oer de kop

21 jul 2019 - 12:30

In 23-jierrige man út Easterwâlde en in 24-jierrige man út de gemeente Eaststellingwerf binne yn de nacht fan sneon op snein mei in elektrysk weintsje oer de kop flein. It ûngelok barde op de krusing fan de dyk Bûterheidefjild en de Balkwei yn Makkingea.

Foto: De Vries Media

Nei alle gedachten hawwe beide manlju de bocht mei te hege snelheid naam, wêrnei't it elektryske weintsje oer de kop sloech. Dêrby waarden de ynsittenden út it autooke slingere. Se binne foar kontrôle meinaam nei it sikehûs. Ut in alkoholtest die bliken dat de 23-jierrige bestjoerder út Easterwâlde te folle dronken hie.

Trefwurden: 
plysje Makkingea dronken
(advertinsje)
(advertinsje)