Brânwacht Makkum pompt lek charterskip leech

21 jul 2019 - 11:08

De brânwacht fan Makkum is sneintemoarn yn aksje kaam om in lek charterskip yn Makkum leech te pompen. It skip lei oan de Warkumerdyk doe't it lek ûntdutsen waard.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Om foar te kommen dat it skip yn de problemen reitsje soe, is de brânwacht úteinset om it skip leech te pompen. Hoe't it lek ûntstean koe, is noch net wis.

Trefwurden: 
brânwacht Makkum charterskip
(advertinsje)
(advertinsje)