UPDATE: Man (55) út Boarnburgum ferstoarn nei ûngelok mei fyts yn bosk Beetstersweach

21 jul 2019 - 15:17

De persoan dy't sneintemoarn fûn waard oan de Poostwei yn Beetstersweach is in 55-jierrige man út Boarnburgum. De man is om it libben kaam troch in ûngelok mei syn fyts. Dat seit in wurdfierder fan de plysje.

Foto: ProNews

De plysje hat ûndersyk dien nei de deadsoarsaak. It slachtoffer waard fûn lâns in MTB-rûte troch de bosk. Dat is in paad foar mountainbikers, mei dêryn ferskate obstakels. Wat der krekt misgong is, koe de plysje noch net sizze.

(advertinsje)
(advertinsje)