Siep Anema byt him fêst yn persoanlike missy: grizzlybear moat en sil nei Arum

Siep Anema fan Arum lit it der net by sitte. Syn opsette grizzlybear út Kanada, dy't de dûane yn 2014 yn beslach naam, móat en sil nei Arum ta. Hy hopet dat er dat foarinoar krije kin mei help fan Ouwehands Dierenpark yn Rhenen.
Sieb Anema by de opsette grizzlybear © Omrop Fryslân
Op dit stuit stiet de grizzlybear by it bistepark yn Rhenen. De bear is skonken oan Ouwehands Dierenpark, nei in jierrenlange juridyske striid, oant de Ried fan Steat ta. It bistepark hie der lykwols hielendal net om frege hat, mar krige it opsette bist yn 'e mage splitst.

Ien formulier

Anema miste ien offisjeel formulier doe't er de bear yn 2014 fia de Rotterdamske dûane ynfiere woe: it saneamde CITES-permit. Dat formulier koe er allinne krije as er de bear weromstjoere soe nei Kanada. Dat kin lykwols net, omdat de bear neffens de wet yllegaal ynfierd is.

Burokrasy

"It is in burokrasy, dat wolst net witte. Djiptryst", sa seit Anema. De bear is syn eigendom, hy hat der foar betelle en der nea ôfstân fan dien. Mar de bear mei Nederlân net yn. Anema fynt it ûnbegryplik dat de bear no wol yn Ouwehands Dierenpark stean mei.

Bearekontrôle

"Ouwehands woe it bist hielendal net ha", wit Anema. "Sy ha him krigen en alle jierren wurdt kontrolearre oft er der noch wol stiet." Anema hat nei it dierenpark ta west en mei de minsken dêr praten. Hy hopet no dat sy dat formulier wol los krije kinne en dat se dan de bear oan him útliene wolle.
Undernimmer Siep Anema oer syn persoanlike missy

Buro De Vries te gast yn Arum

Buro De Vries is snein te gast yn Arum en giet op syk nei mear bysûndere ferhalen út it doarp. Fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio.