Eefkes byprate mei: Jappie Visser fan it Snitser skûtsje

21 jul 2019 - 08:00

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start lizze fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne de klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Dizze snein Jappie Visser fan De Sneker Pan.

Jappie Visser - Foto: Martin de Jong

Jappie Visser is sûnt 2018 skipper op De Sneker Pan. Yn 2018 einige hy mei Snits op it tolfde plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Mei de teamspirit giet it prima, wy hawwe in jong team en moatte noch in soad leare. Mar wy binne drok dwaande en hawwe in soad wille mei-inoar."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"De Snitsermar fansels. Mar as de wyn goed stiet dan fyn ik de baai fan De Lemmer ek machtich, seker as der in flinke strûzer stiet."

Wat gean jim dit jier oars dwaan?
"Wy gean dit jier better taret it kampioenskip yn. Dat hat dermei te krijen dat wy dit jier effisjint en doelfêst oan it trainen west ha. Wy geane der wat relaxter yn."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Oan it skip is neat feroare, wy hawwe wol in nije fok helle."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Jim meie alles witte, wy hawwe gjin geheimen."

Wat is it bêste iten om op de silen?
"Ik fyn makaroany altyd wol lekker, mar as it hiel waarm is doch my dan mar bakte ierappels mei slaad."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurint?
"Yn prinsipe binne wy allegear konkurrinten fan inoar. Bist noait samar ien foarby en net ien lit 'm samar foarby sile. Der binne wol in stik as 5 à 6 skippen dy't gewoan tûker of better farre as ús, mar wy sille it se dreech meitsje dit jier."

Wêrom gean jim dit jier winnen?
"No kampioen wurde we fuort net, mar in deipriis soe moai wêze."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)