Pizzabesoarger fljocht út 'e bocht en bedarret yn 'e sleat by Strobos

In pizzabesoarger is yn de nacht fan sneon op snein mei de skrik frijkaam nei't er mei syn auto yn 'e sleat bedarre by Strobos. It ûngelok barde krekt nei ien oere oan de Doarpsterwei tusken Lutjegast en Strobos. It slachtoffer koe sels út de auto krûpe.
© De Vries Media
Helptsjinsten lykas de brânwacht, de plysje en de ambulânse waarden manmachtich oproppen. Foar't se by it plak fan it ûngelok kamen, wie de pizzabesoarger lykwols sels al út de auto krûpt.
Hy is troch ambulânsepersoaniel kontrolearre, mar blykte neat te mankearen. De man hie krekt dêrfoar syn pizza's ôflevere. Wêrtroch't er fan de dyk ôfrekke, wurdt noch ûndersocht.