Noppert ûnderút tsjin Anderson by debút op de World Matchplay

Darter Danny Noppert is der by syn debút op de World Matchplay yn it Ingelske Blackpool net yn slagge de earste ronde troch te kommen. Tsjin titelferdigener Gary Anderson gie Noppert, benammen fanwegen in matich begjin, mei 10-6 ûnderút. In soad miste dûbels yn dy begjinfaze wiene funest foar de 28-jierrige Jouster, dy't ek mei syn skoares faak net goed meikomme koe.
© Orange Pictures
"Ik miste in hiel soad dûbels", sa sei hy nei ôfrin fan de wedstriid tsjin de kollega's fan RTL7. "Benammen yn it begjin haw ik it lizze litten. Ik tink dat it oan myn ûnderfining leit op dizze grutte poadia; dy haw ik noch net sa hiele folle. Ik baal hjir hiel bot fan."

Begjinfaze

De earste trije legs giene relatyf ienfâldich nei titelferdigener Anderson, nettsjinsteande ferskate miste dûbels fan Noppert. De lêste leg foar it earste skoft gie wol nei de Fries: 4-1. De dûbels bleaune dêrnei dreech te reitsjen foar beide darters.
Twafâldich wrâldkampioen Anderson smiet yn de sânde leg in kreaze finish fan 135 op de 'bullseye' út. Dêrmei kaam de Skot op in 6-1 foarsprong. Anderson like rjochting de winst te gean, mar troch in 'break' fan de Jouster koe Noppert dochs op 6-2 komme. Ek de leg dêrnei gie fia dûbel tsien nei de Fries.

'Comeback' Noppert

Nei it twadde skoft stie Anderson mei 7-3 foar. Doe't de Skot ferskate dûbels miste, profitearre Noppert en kaam er werom: 7-5. Mei in sterke 76-finish fan de Jouster kaam er sels op seis legs. It ritme fan Noppert waard efkes brutsen troch in 160-finish en de 9-6 fan Anderson. In leg letter luts dy de wedstriid nei him ta.