FIDEO: Udo de Haan Nederlânsk kampioen op hynstedagen by Garyp

Udo de Haan hat sneontemiddei it Nederlânsk kampioenskip 'Fries ras tandem' wûn. Dat barde op de 21ste edysje fan de hynstedagen fan Tytsjerksteradiel by Garyp. Mei fjouwer konkurrinten wie it in behoarlik spektakelstik, dat de rider fan De Hemrik ta in goed ein brocht. It binne meastentiids reedlik lytse saken dy't it ferskil meitsje by dizze sjuerysport.
Udo de Haan Nederlânsk Kampioen Fries ras Tandem yn Garyp