Boargemaster oer rellen: "Supporters door centrum Heerenveen niet volgens afspraak"

Supporters fan FC St. Pauli hawwe ôfspraken skeind wêrtroch se yn in sintrum fan It Hearrenfean telâne kamen. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan yn in reaksje op de supportersrellen dy't útbrutsen foar oanfang fan de oefenwedstriid tusken SC Hearrenfean en de ploech út Hamburg.
FIDEO: Ynsidinten yn sintrum Hearrenfean foar fuotbalwedstriid tsjin FC St. Pauli
It gie flink mis yn de Nieuwstraat, sa docht bliken út bylden dy't op Twitter ferskine. Der wurdt smiten mei tafels en stuollen nei supporters fan SC Hearrenfean. "Het is ontzettend vervelend voor het voetbal dat het in zo'n vriendschappelijke wedstrijd zo mis gaat met supporters, die er juist om bekend staan heel sympathiek te zijn", seit Van der Zwan.

"Niet volgens afspraak"

De gemeente wie derfan op de hichte dat der foar de oefenwedstriid sa'n 500 supporters fan de Dútske klup komme soenen. Mei seis bussen kamen de supporters nei It Hearrenfean. "De supporters waren er wat eerder dan afgesproken. Daarop zijn ze eerst in Lemmer gebleven. Daarna kwamen de supporters aan in het centrum en dat was niet volgens afspraak."
Plysje by supporters fan St. Pauli
Plysjes koenen der yn earste ynstânsje foar soargje dat de supporters har rêstich gedroegen, mar letter waard de sfear grimmitich doe't de Dútske supporters by it kafee fan de fanatike supporters fan SC Hearrenfean kamen. "Ze braken door het cordonnetje politie heen, toen is er hier en daar geslagen en heeft de politie moeten ingrijpen", leit de boargemaster út.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean
De Dútske supportersbussen rieden dus net nei it Abe Lenstra Stadion, wylst dat wol de ôfspraak wie. Boargemaster Van der Zwan wol útsykje hoe't it kin dat de ôfspraken net neikommen binne. "Dat gaan we evalueren. Er is behoorlijk wat schade, er zijn natuurlijk camerabeelden dus we gaan kijken hoe dit nou precies kon gebeuren, want dit is niet wat je wilt."
© Dennis Stoelwinder