Beitske Visser fjirde yn wedstriid W Series yn Assen
Beitske Visser fan Twellingea is sneontemiddei yn de W Series op it sirkwy fan Assen krekt njonken it poadium einige. De 24-jierrige koereur kaam as fjirde oer de finish, nei't se har ek as fjirde kwalifisearre hie freed.
De winst yn Assen gie nei Emma Kimiläinen út Finlân, dy't fan poleposition begûn wie. Sy helle inkelde ronden foar de ein de Britske Alice Powell yn, dy't as twadde oer de finish kaam. Klassemintslieder Jamie Chadwick pakte de brûnzen medalje en fergrutte dêrmei har foarsprong.
Yn augustus wurdt takom moanne de lêste wedstriid fan it seizoen hâlden op it sirkwy fan Brands Hatch.