Keatsen Makkum: partoeren Bauke Triemstra en Ilse Tuinenga winne

20 jul 2019 - 17:35

It partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat sneontemiddei yn Makkum de frijeformaasjepartij op syn namme skreaun. Yn de finale waard mei 5-2 en 6-4 ôfrekkene mei Jelte Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.

De lytse preemje by de manlju yn Makkum wie foar Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Sy ferlearen 5-1 en 6-4 fan Dijkstra-en-dy. Favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra giene al yn de twadde omloop mei romme sifers ûnderút tsjin de lettere winners: it waard 5-0 en 6-6.

Yn it frouljustoernoai gie de winst nei Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Sy wûnen yn de finale mei 5-1 en 6-4 fan Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra. Op it tredde plak einigen Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

Foto: Henk Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)