Sportklup Hearrenfean spilet lyk tsjin FC St. Pauli

20 jul 2019 - 17:07

Sportklup Hearrenfean hat sneontemiddei lykspile yn de oefenwedstriid tsjin FC St. Pauli út Dútslân. Yn it eigen Abe Lenstrastadion waard it úteinlik 1-1 tsjin de ploech út Hamburg. Foar oanfang fan de wedstriid wiene der ynsidinten yn it sintrum fan It Hearrenfean mei supporters fan beide ploegen.

Al yn de twadde minút skoarde it team fan trainer Johnny Janssen foar it earst. Hickam Faik wie mei in kreas skot te sterk foar keeper Himmelmann: 1-0. Nei in goed healoere slagge it Christian Conteh doelman Warner Hahn fan Hearrenfean te passearjen, mar Conteh stie bûtenspul. Dêrom waard it doelpunt ôfkard.

Strafskop

Yn de twadde helte kaam FC St. Pauli út in strafskop op likense hichte. Floranus makke in oertrêding op Conte, wêrnei't de penalty mei sukses ynsketten waard troch Dimitrios Diamantakos. Oan de ein fan de wedstriid waard ek noch in doelpunt fan Jordy Bruijn ôfkard. Dêrmei bleau it by 1-1 op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)