FIDEO: Ynsidinten yn sintrum Hearrenfean foar fuotbalwedstriid tsjin FC St. Pauli

20 jul 2019 - 16:43

Yn it sintrum fan It Hearrenfean hawwe sneontemiddei ynsidinten west foar oanfang fan de oefenwedstriid fan Sportklup Hearrenfean. Supporters fan de tsjinstanner, FC St. Pauli út it Dútske Hamburg, kamen ûnderweis nei it Abe Lenstrastadion yn konfrontaasje mei Hearrenfean-fans.

De bus soe de Dútske supporters njonken it stadion útsette, sa wie de ôfspraak. Dat is lykwols net bard. Dêrom rûnen de supporters fan FC St. Pauli in stik troch it sintrum fan It Hearrenfean hinne.

De situaasje rûn sa út 'e hân dat de plysje yn aksje kaam. Dêrby waard ek in plysjehûn ynset. Ien persoan is ferwûne rekke, om't er troch de hûn yn syn hân biten waard. Ek de mobile ienheid, de ME, waard oproppen. De tsjinsten hawwe de supporters dêrnei nei it stadion dirigearre.

Terras fernield

It terras fan in snackbar oan de Nieuwstraat waard folslein fernield. Snackbareigener Xiao-Ping Yu fan de Mandoline seit dat hy foar hûnderten euro's oan skea hat, nei't Dútske supporters tafels en stuollen fan syn terras pakten. Dat dienen se om der dernei mei te smiten.

Neffens Yu binne de supporters fan FC St. Pauli dêrop troch de plysje nei de Van Kleffenslaan begelaat.

(advertinsje)
(advertinsje)