Skier giet de striid oan mei plastik

20 jul 2019 - 13:47

Op Skiermûntseach wurdt ekstra hurd wurke om it eilân sa miljeufreonlik mooglik te meitsjen en sa min mooglik plastik te brûken. Oanlieding is de kontenerramp mei MSC Zoe begjin dit jier. Der binne ferskate projekten opstart. Dat bart ûnder lieding fan de projektgroep Waterzooi.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De projektgroep Waterzooi is oprjochte troch de stichting NoorderBeeld, Biblioteek Noard-Fryslân, keunstnerskollektyf Sjain en saakkundige Petra Olgers. Sa hawwe de bern fan it eilân gedichten makke, dy't benammen gasten op it eilân attendearje op it feit om goed mei plastik om te gean. Ek is der in húshâldkit makke mei plastikfrij skjinmakark en oare miljeufreonlike oplossings foar toeristen.

Supermerkeigner Eric Brunekreef docht ek mei. Hy docht syn bêst om klanten sa min mooglik plastik brûke te litten.

Petra Olgers leit út wat it doel is

(advertinsje)
(advertinsje)