Oanfierder Tony Demelinne hâldt op by UNIS Flyers

20 jul 2019 - 13:40

Oanfierder Tony Demelinne fan iishockeyclup UNIS Flyers hâldt op as professional. De yn Den Haach berne Demelinne spile mar leafst sân jier yn it shirt fan de Flyers, wêryn hy alle Nederlânske prizen pakte.

Foto: UNIS Flyers

Tony Demelinne is ien fan de meast suksesfolle spilers yn de histoarje fan de UNIS Flyers. Mar leafst 324 punten, 116 goals en 208 assists wist de Hagenees te sammeljen yn syn sân jier by de Flyers. Dêrmei stiet Demelinne op it njoggende plak fan de topskoarerslist fan de Flyers.

De reden dat Tony Demelinne ophâldt mei professioneel iishockey is dat hy mear tiid foar syn gesin frijmeitsje wol en dat hy oan de slach wol mei syn maatskiplike karriêre. Dat hat neffens him no mear prioriteit. Demelinne bliuwt op It Hearrenfean wenjen. Hy hat dêr in hûs kocht. Hy tinkt ek dat hy wol oan de klup ferbûn bliuwe sil.

Trefwurden: 
UNIS Flyers Tony Demelinne
(Advertinsje)
(Advertinsje)