Aris begjint nij basketbalseizoen thús tsjin Den Bosch

20 jul 2019 - 13:35

De Dutch Basketball League hat it spylskema klear. Foar de basketballers fan Aris begjint it seizoen op snein 29 septimber thús yn it Kealledykje, dêr't de ploech fan haadcoach Ferried Naciri it opnimt tsjin Den Bosch.

Foto: Aris Ljouwert

Ferline seizoen einige Aris it reguliere seizoen as sânde. Yn de earste ronde fan de play-offs wie Landstede Zwolle te sterk foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)