Plan foar boek oer fersetsstrider Willem Santema

20 jul 2019 - 13:31

Histoarikus Peter Bak wurket oan in boek oer Willem Santema, ien fan de grutste fersetsstriders fan Fryslân. Santema wie yn 1941 de grûnlizzer fan it ferset yn Snits en omjouwing. Foar de biografy sil de kommende moannen finansiering socht wurde. It is de bedoeling dat it boek op 15 april 2020, eksakt 75 jier nei de befrijding fan Snits, presintearre wurde sil.

Foto: pixabay.com

Yn 1943 waard Willem Santema ien fan de liedende fersprieders fan it lanlike fersetsblêd Trouw. Ek wie hy ien fan de oprjochters fan de nasjonale Raad van Verzet. Ein desimber fan dat jier waard Santema arrestearre en mei 22 oare Trouw-fersprieders fusilearre yn kamp Vught.

Santema hie in ynstallaasje- en radioburo yn Snits. Yn kamp Haaren yn Noord-Brabant hat hy in oantal gedichten skreaun en dy binne ek noch yllegaal publisearre. De earste regel fan it earste gedicht is de wurktitel fan Baks biografy: 'Door de tralies schijnt de zon'.

Willem Santema wie boppedat in betûft reedrider. Hy folbrocht de Alvestêdetoch fiif kear, wêrfan de lêste yn 1942.

(Advertinsje)
(Advertinsje)