Nij appartemintekompleks foar jongeren mei in ferstanlike beheining yn Bûtenpost

20 jul 2019 - 13:26

Op it plak fan it gebou oan de Tsjerkstrjitte yn Bûtenpost dêr't earder de Aldi siet, komt nei alle gedachten in appartemintekompleks. De stichting Sprank, mei as thúsbasis Zwolle, hat dêr plannen foar. It is de bedoeling dat der 16 apparteminten yn it gebou komme foar jongeren mei in ferstanlike beheining. It 'Aldi-gebou' moat sloopt wurde, sadat der in hiel nij kompleks delsetten wurde kin.

In ympresje fan it nije appartemintekompleks - Foto: Sprank

Sprank is in kristelike stichting dy't soarch en stipe biedt oan minsken mei in ferstanlike beheining. Sprank hat tritich lokaasjes yn Nederlân, ien dêrfan stiet yn Drachten. Der binne plannen foar noch twa wenkompleksen yn Fryslân: In twadde yn Drachten en dus ien yn Bûtenpost.

De gemeenteried fan Achtkarspelen is fan de plannen op de hichte en positiyf. Der wurdt yn Bûtenpost al jierren socht nei wenromte foar jonge minsken mei in beheining. It liket derop dat oan dy syktocht no in ein kommen is.

Moandei organisearret Sprank in ynformaasjejûn foar de buert, dêr't ek fertsjintwurdigers fan de gemeente by wêze sille. Der sil dan út de doeken dien wurde hoe't de bouplannen der krekt útsjogge. Ein septimber folget in twadde ynformaasjejûn, dy't bestimd is foar potinsjele kliïnten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)