Ofslútdyk snein wer ien dei iepen spesjaal foar fytsers

Snein is de Ofslútdyk wer ien dei iepen foar fytsers. Der wurdt de kommende jierren wurke oan ferbettering fan de Ofslútdyk en dêrtroch kin it fytspaad in pear jier lang net brûkt wurde. Yn oerlis mei de oannimmer, belange-organisaasjes fan fytsers en kuierders stelt Rykswettersteat in fytspaad dizze simmer fjouwer dagen iepen. Snein is de twadde dei.
© Kappers Media
Om der foar te soargjen dat alles feilich ferrint, nimt Rykswettersteat in soad foarsoarchsmaatregels. "Het vraagt behoorlijk wat voorbereiding om het fietspad open te stellen", fertelt projektmanager Joost van Beek. "We moeten verkeersmaatregelen nemen, een stuk vangrail verwijderen en tijdens het gehele evenementen hebben we verkeersregelaars die fietsers de juiste weg wijzen zodat alles veilig verloopt. Ik raad iedereen aan om de instructies goed op te volgen."
De earste kear dat de Ofslútdyk wer iepensteld waard foar fytsers, kamen der mar leafst tûzen minsken op ôf. Van Beek: "Ik hoop dat er ook dit keer weer volop fietsers gebruik van deze mogelijkheid gaan maken." It earste stik fan de dyk is yntusken fersterke, fertelt Van Beek. "De eerste kilometer van de 32 is aangepakt. Automobilisten kunnen zien dat we druk aan het werk zijn."
Projektmanager Joost van Beek