Alde AEGON-gebou yn Ljouwert is klear foar earste studinten

Yn guon apparteminten stiet al in bêd, wylst oare romtes noch hielendal oplevere wurde moatte. Oeral leit noch stof, mar studinten kinne al delkomme om te sjen oft it nije appartemintegebou harren wat liket. Yn it âlde AEGON-gebou, tsjinoer it stasjon fan Ljouwert, binne de earste 250 ien-keamerapparteminten hast klear foar de nije bewenners.
Wenklompeks 058 is klear foar earste bewenners
De ôfrûne wiken wurde der twa kear yn de wike rûnliedings hâlden. Studinten, somtiden mei harren âlden, kinne binnen sjen yn in keamer dy't folslein ynrjochte is. Der stiet in bêd, in kuolkast, der is in wc en in magnetron. It is de bedoeling dat alle keamers sa oplevere wurde.

Effe wachten.. pizza!

Neffens Klaas Koopmans, dy't de keamers oan de man bringe moat, is alles oanwêzich wat in lyts hûshâlden nedich hat: "In kleankast, in kuolkast, alles is der. En it belangrykste foar al dy studinten, in 'pizza-bestendige' oven. Want dat sil se wol it faakst ite, tink ik sa."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar sjocht by de studintekeamers yn it AEGON-gebou

Gastfrijheid mei in Frysk sauske

Op de benedenferdjipping fan it studintekompleks komme mienskiplike romtes, dêr't bewenners elkoar moetsje kinne, of just in rêstich plakje fine kinne om te studearjen. Ek is it de bedoeling dat der noch in dakterras oanlein wurdt.
Koopmans moat de 500 studintekeamers fol krije. Hy is der wis fan dat dat slagget. Dêrnei sit it der foar him noch net op. Hy sil as behearder fan it gebou oanwêzich wêze. Sa kinne de studinten by in fertroud gesicht telâne mei fragen. "Yn it begjin sille der in soad fragen komme", ferwachtet Koopmans. "Der binne ek bûtenlânske studinten by, en dan is it handich at je witte hoe't de hazzen rinne yn Fryslân. Dat stikje gastfrijheid, mei in Frysk sauske, kinst dan oanbiede oan dy minsken."

Fan kantoar oant studinteflat

It AEGON-gebou is yn 1988 boud op it eardere feemerkterrein yn Ljouwert. Lange tiid wurken der mear as tûzen meiwurkers fan AEGON yn it gebou, mar dy binne yntusken ferhuze nei konkurrint Achmea.