Organisaasje Ballonfeesten ferwachtet snein topdrokte: ek dan besikersstop

20 jul 2019 - 12:30

De organisaasje fan de Ballonfeesten op De Jouwer ferwachtet snein topdrokte. Ek dan sil der in besikersstop ynfierd wurde om der foar te soargjen dat der net mear as de tastiene 7500 minsken op it terrein steane. Dat seit Erwin Bethlehem fan de Fryske Ballonfeesten. "We moeten de veiligheid kunnen garanderen."

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Op freed moast de organisaasje ek in besikersstop ynfiere en waarden minsken by de tagong fan it terrein tsjinhâlden. Dat spyt de organisator, mar it is net oar. "We hadden vrijdagmiddags al snel in de gaten dat het te druk zou worden. We hebben snel gehandeld en op social media en de matrixborden gecommuniceerd dat het vol was."

Dat der mar 7500 besikers it terrein op meie, hat te krijen mei de feilichheid, leit Bethlehem út. "De ballonnen hebben genoeg ruimte nodig om op te stijgen. Daarvoor hebben we een groot deel van het terrein nodig. Daar omheen hebben we ruimte voor 7500 mensen, zodat het veilig blijft."

Hurde wyn spulbrekker

Sneon sil der minder minsken komme, is de foarsizzing fanwege it minne waar. Dat hat ek gefolgen foar de Ballonfeesten. Bethlehem: "Het kinderprogramma dat op zaterdagmiddag stond gepland, hebben we afgelast vanwege het slechte weer. Aan het einde van de middag, rond 17.00 uur gaat het terrein weer open. Het enige wat tegen kan zitten is de heftige wind."

Hurde wyn kin in spulbrekker wêze, foarseit de organisator. "De ballonpiloot bepaalt zelf of hij of zij de lucht ingaat of niet. Dat bepalen wij niet als organisatie. We gaan vanavond richting Drachten, dat zijn mooie ruime velden, dus daar kun je met wat wind toch nog wel een goede landing maken. Maar we hebben ook buitenlandse piloten, die de omgeving minder goed kennen."

Snein topdrokte

Snein wurdt der better waar foarsein, wat foar topdrokte soargje kin op de lêste dei fan de Ballonfeesten op De Jouwer. "Morgen belooft het heel mooi weer te worden dus dan verwachten we topdrukte", knikt Bethlehem. "Ook dan geldt een maximum van 7500 mensen", warskôget er alfêst. "Maar je kunt natuurlijk ook in de omgeving de ballonnen bekijken."

Erwin Bethlehem fan de Fryske Ballonfeesten

(Advertinsje)
(Advertinsje)