Bouwmeester sakket nei plakje tsien by WK Laser Radial

20 jul 2019 - 11:04

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei twa races by it WK Laser Radial yn Japan op it tsiende plak yn it algemien klassemint. Bouwmeester einige sneon as fyftjinde yn de twadde race foar de wrâldtitel. Freed kaam de sylster út Warten as fyfde oer de einstreek.

Foto: Ocean Images Photography / Watersportverbond

Fanwege it gebrek oan wyn waard der sneon lykas freed mar ien race fard op it wetter by de Japanske stêd Saikaiminato.

(advertinsje)
(advertinsje)