Vitens nimt wetterwingebiet Bokkendal op Flylân ûnder hannen

20 jul 2019 - 08:53

Vitens sil nei de simmer it wetterwingebiet Bokkendal op Flylân renovearje. De putten en de liedingen út de jierren fyftich sille ferfongen wurde. "Het is hoog tijd om de boel grootschalig op te frissen", seit Cees Potiek fan Vitens

Wetterproduksjebedriuw fan Vitens - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Vitens levert it drinkwetter op Flylân en hellet dat út in bel mei swietwetter ûnder it eilân. It âldste winfjild is Bokkendal, dat sûnt de jierren fyftich yn gebrûk is. Troch de tiid hinne binne der wol saken fernijd, mar no is it tiid foar in grutskalige renovaasje. "Er zijn op dit moment nog geen problemen", fertelt Potiek, "maar je moet toch rekenen dat we met de techniek van zeventig jaar geleden werken. In de loop van de tijd is er het nodige veranderd. Nu is het tijd om de boel grootschalig op te frissen."

Genôch wetter

De renovaasje hat noch hiel wat fuotten yn ierde. Potiek: "We zullen vijf nieuwe winputten gaan boren. Het leidingmateriaal wordt vervangen, net als de voedingskabels en de besturingskabels." Om oerlêst foar eilânbewenners en toeristen foar te kommen, start it wurk yn septimber. "Dan hebben we het hoogseizoen gehad en kunnen we teren op de andere wingebieden op het eiland", leit de wurdfierder fan Vitens út. "We zijn gelukkig niet volledig afhankelijk van Bokkendal."

Faunaskermen

Om Bokkendal wurde sa lang saneamde faunaskermen pleatst. Potiek leit út wat foar doel dizze skermen hawwe: "We hebben op het eiland zandhagedissen, die de vreemde gewoonte hebben om 's winters in een dalletje te kruipen. Wingebied Bokkendal is daar een gewilde locatie voor. Om te voorkomen dat die beestjes problemen krijgen, schermen we het gebied tijdens de werkzaamheden af."

It wurk start yn septimber dit jier en moat yn maart 2020 klear wêze. "Voor het nieuwe toeristenseizoen begint, is alles weer operationeel", seit Potiek ta.

Cees Potier fan Vitens oer it wurk oan it wetterwingebiet op Flylân

It Bokkendal - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
(Advertinsje)
(Advertinsje)