Hynstedagen Sumarreheide: "Hynsteminsken binne net benaud foar in bytsje wetter"

Nettsjinsteande de minne waarsfoarsizzingen foar sneon ferwachtet de organisaasje fan de Hynstedagen yn Sumarreheide net dat minsken fuortbliuwe sille. Benammen de sneontemiddeis is it altyd drok by it konkoers. Foarsitter Sietse de Boer giet der fanút dat it publyk ek dit jier manmachtich nei de keuring en it Nederlânsk kampioenskip Tandem-riden komme. "Hynsteminsken binne net benaud foar in bytsje wetter."
© ANP Foto
Ek dit jier is Sumarreheide in wykein lang wer 'It Hynstedoarp' fan Fryslân. De Boer ferwachtet benammen sneontemiddei in soad publyk by it Nederlânsk kampioenskip Tandem-riden, dêr't twa hynders foar elkoar foar in Fryske sjees rinne. "Dat is tige spektakulêr", seit de foarsitter ta. "It Fryske hynder stiet folop yn de belangstelling. It bûn wiist alle jierren in oantal konkoersen oan dêr't de kampioenskippen ferriden wurde meie. Dat wy dêr ek wer tusken sitte, dêr binne wy hiel grutsk op."
Op de fraach oft de organisaasje ek noch needmaatregels treft foar it minne waar, hellet De Boer de skouders op. "Wy hannelje nei 'bevind van zaken'. De feiligens fan minsk en bist moat foarop stean. As it net fertroud is, dan hâlde wy efkes op. Mar wy jouwe net samar op."
Sietse de Boer, foarsitter fan de Hynstedagen yn Sumarreheide