Kollum: "Empaty foar in ponyfamke"

20 jul 2019 - 08:20

"It is rûchwei twa jier lyn alwer doe't wrâldwiid de hashtag #metoo it nijs behearske. It grinsoerskiedend gedrach fan Hollywood-produsint Harvey Weinstein waard symptomatysk foar wêr't de hashtag foar stie. Der is yn dy twa jier in protte bard.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

In soad manlju binne oanklage foar omgongsfoarmen dy't net passe by de moraal fan no. Machtsposysjes tsjinoer froulju foar ferkearde dingen brûke. Dat soks oanpakt wurdt is fansels in goede saak. Mar der sit ek in kearside oan dit ferhaal. Nei fout Amerikaansk foarbyld is de diskusje op guon plakken spitigernôch folslein trochslein. Mei as gefolch dat saken dy't oars as normaal beskôge waarden, no al gau de rook fan #metoo krije.

Dat in learaar in persoanlik petear mei in learlinge mei de doar iepen docht, omdat hy net de kâns rinne wol dat der praat fan komt. De diskusje is fansels fan alle tiden. The Police hie der yn 1980 al in nûmer oer skreaun: Don't stand so close to me.

Dizze wike moast ik der ek oan tinke doe't ik oan it meanen wie. Dat is in wurkje dêr't je de gedachten de frije loop by gean litte kinne. Ik moast tinke oan immen dy't ik goed kind ha. Dizze man hie in soarte fan maneezje en hie syn hiele libben omgong mei saneamde ponyfamkes. Jim kinne se wol. Myn kollega Nynke wie der ek ien, sei se. Fan dy bakfisken dy't it prachtich fine om by de hynders om te slaan en dêr op om te poetsen en op te riden.

Al fier foardat de hiele #metoo-beweging op gong kaam, wie der al sprake fan feroaring yn omgongsfoarmen. Dy ponyfamkes sitte meast yn in drege leeftiid. Se reitsje fereale, net allinnich op de pony, mar ek op jonges of famkes. En sa no en dan wie der wer in ferkearing út of gienen heit en mem by elkoar wei. It famke yn triennen by de pony, de eigner fan de maneezje is dan al gau in fertrouwenspersoan. "Eartiids sloech ik dan soms wolris in earm om sa'n bern hinne, mar dat doch ik no mar net mear", sei de man in kear tsjin my. Bang foar de gefolgen en it praat dat der fan komme soe. Wylst hy it inkel as treastryk gebaar bedoelde.

Efkes in earm om immen hinne slaan, hoe minslik wolle je it ha? Mar it is allegearre oars wurden. It is tsjinwurdich in riskante ûndernimming, foardat je it witte steane je opskreaun yn it tsjokke #metoo-boek. Ik ha sels ek in skoft hynders en pony's yn stalling hân en wit presys wat de man bedoelde. By ús wie in famke dat stalkt waard troch in stel jonges mei in migraasje-eftergrûn, sa as je dat hjoed-de-dei polityk korrekt sizze moatte.

Se skamme ha dêr sa foar dat se it net tsjin har eigen âlden doarde te sizzen, mar ik hearde de ferhalen en seach de triennen by har deistige besite oan de pony. Dat se deabenaud wie om wer nei hûs te fytsen. Ik kin my yntinke dat efkes in earm om ien hinne slaan dan treastryk en stypjend fiele kin foar sa'n brekber persoan.

Oan de oare kant, en dêr moatte wy ek earlik yn wêze, kin in famke dat dêr op út is, dêr ek misbrûk fan meitsje. Dat is it wankele lykwicht. It is dus ferhipte dreech om te mjitten hoefier je gean kinne. De goeien moatte it dus wer ris mei de kweaden ûntjilde.

Dat lju as Harvey Weinstein oanpakt wurde is prima, mar hoe litte je empaty foar in ponyfamke sjen en fiele sûnder dat it ferkeard útlein wurdt?"

(advertinsje)
(advertinsje)