Welcome to the Village wol noch lang trochgean yn Griene Stjer-gebiet

20 jul 2019 - 08:19

Ek al hâlde oare festivals, lyaks Psy-Fi, op yn natuergebiet de Griene Stjer by Ljouwert, Welcome to the Village tinkt dêr hielendal net oer. Direkteur Ruben Bosch wol noch lang trochgean mei it festival yn de Griene Stjer. "Het wordt elk jaar moeilijker, maar wat mij betreft is dit niet onze laatste editie hier."

Welcome to the Village wol noch lang trochgean yn Grien Stjer

Op dizze edysje fan Welcome to the Village komme oant no ta wat minder minsken ôf as foargeande jierren, mar dat makket de sfear der net minder op. Besikers genietsje folop fan ferskate muzikale genres. Amadou en Mariam mei The Blind Boys of Alabama, Claw Boys Claw, Thomas Azier, Joost van Bellen en Bazart: it is noch mar in greep út de muzikale hichtepunten dit jier. Mar der is ek teater en der binne ferskillende performances.

De organisaasje is entûsjast oer it ferrin oant no ta. Wol is it festival dit jier jûns wat earder ôfrûn as foargeande jierren. Ek mochten besikers net swimme dit kear. Guon besikers fine it spitich dat der sa folle kommentaar is op de ferskate festivals yn it Griene Stjer-gebiet. "Als je als Leeuwarden een culturele stad wilt zijn, maar diverse festivals stoppen er mee, dan is dat best schadelijk voor je imago", stelde ien fan de besikers.

It festival is sneon en snein noch yn de Griene Stjer by Ljouwert.

Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by Welcome to the Village

(Advertinsje)
(Advertinsje)