Eefkes byprate mei: Johannes Meeter fan it Huzumer skûtsje

20 jul 2019 - 08:00

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start lizze fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Johannes Meeter fan it skûtsje fan Huzum.

Johannes Meeter - Foto: Martin de Jong

Johannes Meeter is sûnt 2017 skipper fan it skûtsje fan Huzum. Earder wie hy al skipper op it skûtsje fan Langwar en De Lemmer. Yn 2018 einige Huzum op it sânde plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Goed, mar dy is ek altyd goed west. Wy hawwe in hiel moaie ploech oan board. Us foarseizoen wie goed: de 'Waterpoortrace' hawwe wy bygelyks wûn. Troch resultaat te beheljen, hâldst de teamspirit fansels ek goed."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Dat makket my net in soad út. It lytse wetter is moai om't it publyk dan tichtby is. Dêrtroch hearst se hast praten en it applaus en jûchhei komt ek folle mear oan. Mar it gruttere wetter is wer moai troch de romte dy'tst krijst om te silen."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Ofrûne jier hawwe wy trije minne wedstriden hân. Dat kaam alle trije kear troch de minne start dy't wy hienen. Dat wolle we dit jier dus oars dwaan. Dêr op traine is dreech, al moat ik sizze dat wy ek net hiele fanatike trainers binne. Nei myn miening learst folle mear fan in pear goede wedstriden."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Ja, der sit in nij túch op it skip."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Minsken meie alles wol fan my witte, ik bin dêr net sa dreech yn. It oerkomt my wolris dat minsken út de float my wat freegje, ik dêr antwurd op jou en letter pas tink; wie dat no wol sa handich Johannes? Mar goed, ik ha net safolle geheimen."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"Wy ite it leafst waarm foar it silen. Gjin grut board fol, mar wol genôch om goed op sile te kinnen. De senuwen binne by my foar de wedstriid ek net sa oanwêzich. Pas in healoere foar de wedstriid, dan komt it yn ien kear allegear tagelyk."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrint?
"Der binne meardere, mar foaral Grou, It Hearrenfean en Akkrum. Sy binne meastentiids tagelyk mei ús fuort en wy komme se dus ek faak tsjin yn de wedstriid. Mar se moatte ús ek seker net fuortpoetse."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"Om't wy freeslik goed binne. We geane yn elts gefal foar de top 5, mar je moatte ek de geloksfaktor hawwe en it moat wat meisitte."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)