Danny Noppert debutearret op World Matchplay tsjin titelferdigener Anderson

20 jul 2019 - 07:13

It is nei it WK yn Londen it grutste darttoernoai by de Professional Darts Corporation (PDC): de World Matchplay. Yn de Ingelske havenstêd Blackpool stappe de bêste darters fan de wrâld de kommende wike it grutte poadium op. Foar de Jouster darter Danny Noppert wurdt dat de earste kear; hy makket sneontejûn syn debút yn de Winter Gardens.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste ronde wachtet lykwols fuortendaliks in grutte útdaging foar de 28-jierrige Noppert: de titelferdigener en twafâldich wrâldkampioen Gary Anderson. It wurdt op papier in flinke put foar de Jouster, mar der lizze kânsen tsjin de rûtinier út Skotlân.

Eardere moetingen

It is nammentlik net de earste kear dat de twa darters elkoar tsjinkomme. Hast trije jier lyn, doe't Noppert noch by it BDO-bûn spile, troffen se elkoar op de Grand Slam of Darts. Yn in spannende wedstriid mei hege gemiddelden luts de Skot dêr mei 10-9 mar krekt oan it langste ein. Begjin ferline jier spilen Noppert en Anderson ek tsjin elkoar op in UK Open Qualifier; doe wie Noppert mei 6-3 it sterkst. Wat it ûnderlinge resultaat oanbelanget, ûntrinne de nûmer 3 en de nûmer 38 fan de wrâld elkoar dus neat.

In oar mooglik foardiel foar de Fries is it feit dat Anderson it earste healjier fan 2019 net in soad spile hat. De Skot hat al in skoft problemen mei syn rêch en dat kin op de World Matchplay noch wol ris dreech wurde. Op it telefyzjepoadium yn it simmerske Blackpool oan 'e kust kin it smoarhjit wurde; op kondisjoneel mêd hat de 28-jierrige Noppert dêryn dúdlik in foardiel. Dêrby moat wol oantekene wurde dat Anderson nettsjinsteande syn rêchklachten tegearre mei Peter Wright ein juny wol gewoan de World Cup-titel pakte foar Skotlân.

Noppert: "Komt wol goed"

Noppert is freed oankommen yn de stêd Blackpool. Frege nei syn kânsen tsjin de titelferdigener antwurdet er realistysk: "It wurdt in útdaging tsjin Anderson". Dochs tinkt er dat it wol goedkomme kin. "Ik ha fertrouwen yn mysels en sil myn bêst dwaan."

As Danny Noppert sneontejûn wint fan Gary Anderson, dan nimt hy it dêrnei yn de twadde ronde op tsjin Nathan Aspinall of Mervyn King. Grutte nammen dy't Noppert oant de finale treffe kin, binne ûnder mear Michael van Gerwen, Adrian Lewis en James Wade. De partij fan Danny Noppert tsjin Gary Anderson set sneontejûn om likernôch 22.00 oere Nederlânske tiid útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)