Gastarbeiders fan eartiids betocht mei eksposysje, kuiertocht en bier

19 jul 2019 - 21:44

By ferskate Fryske histoaryske ynstellings is 2019 it jier fan de Dútske migranten: de 'hantsjemieren' en 'lapkepoepen', dy't yn it ferline nei Fryslân kamen om te wurkjen. Gastarbeid is nammentlik net allinne in hjoeddeisk fenomeen. Fóar 1900 kamen der ek al frjemde lju nei ús provinsje om te wurkjen, benammen yn de haaiïng, de feanterijen en yn de tekstyl-ferkeap. Oer de gastarbeiders fan doe komme neist in tentoanstelling yn it Frysk Lânboumuseum ek in spesjale kuierrûte, in boek en in bierke.

Hantsjemieren, tekene yn 1896 troch C.W. Allers - Foto: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed

De measte Dútske arbeiders wurken as meaner, mar der wiene ek in soad wurksum yn it fean en as marsedrager. Dútsers dy't meanden waarden 'hantsjemieren' neamd en Dútsers dy't tekstyl ferkochten, wiene 'lapkepoepen.' Jierliks kaam der in stream fan mear as 5.000 Dútske arbeiders nei Noard-Nederlân, de measten yn de 18e iuw.

Der wie fan wjerskanten in ekonomyske behoefte: yn Fryslân wie simmers in tekoart oan arbeiders, wylst yn Dútslân folle earme manlju just op 'e siik nei wurk wiene. Yn Dútslân wurde sy 'Hollandgänger' neamd en yn it Nederlânsk 'hannekemaaiers.'

Ivige frjemdlingen

De Dútske gastarbeiders kamen benammen fan Lingen, Osnabrück en Münsterland. Sy skreaune brieven om wurkplakken te finen, mar fûnen ek wol wurk mei in arbeidsmerk: de 'poepemerk.' Hie in Dútser genôch yl op 'e hannen, dan mocht er mei.

Friezen seagen faak op de Dútsers del: it bleaune frjemdlingen. Sy wiene konkurrinten, en in lêst foar de earmesoarch. Harren libbensomstannichheden wiene min, sy wennen faak yn 'poepetinten' fol ûngedierte.

Eksposysje en bier

Fan 3 augustus oant 15 desimber is der in exposysje yn it Frysk Lânboumuseum: Hollandgänger. Yn dizze perioade binne der fjouwer lêzingen oer hantsjemieren. Ek hat bierbrouwerij Tsjerkebier fan Easterwierrum in spesjaal Ljouwerter bierke makke dat populêr wie by lapkepoepen. It spesjaalbier wurdt 22 septimber presintearre.

Rinnend fan Dútslân

De measte arbeiders kamen tusken maaie en juny Fryslân binnen, fia Weststellingwerf, Achtkarspelen of Opsterlân. Ein july giene de measten wer nei hûs, al bleaune der soms ek Dútsers hingjen.

Fan de paden binne no twa kuierrûten makke: ien troch Ljouwert fan it Historisch Centrum Leeuwarden en ien fan Grins nei Ljouwert fan Stichting Hannekemaaierspaden. De earste giet by eardere winkels fan lapkepoepen del en de twadde folget in âld reistrajekt fan de meaners. Fan dy rûte wurdt ek in boek makke.

Oant en mei 9 augustus is yn Tresoar boppedat de tentoanstelling 'Onderweg - De reis van het linnen' te sjen, dêr't de skiednis fan de lapkepoepen ek te sjen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)