Besikersstop Friese Ballonfeesten yn De Jouwer, maksimaal 7.500 minsken

19 jul 2019 - 20:13

It is op freedtejûn sa drok by de Friese Ballonfeesten op de Nutsbaan yn De Jouwer, dat der wer in besikersstop jildt. "Het is niet verantwoord met het oog op de veiligheid", jout Erwin Bethlehem fan Stichting Friese Ballonfeesten op de webside oan. "De vergunningverlener heeft van te voren besloten dat 7.500 bezoekers het maximale aantal is. Pas als er mensen vertrekken, kunnen er weer nieuwe bezoekers in."

De 34e Friese Ballonfeesten op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De organisaasje besiket safolle mooglik minsken te ynformearjen fia alle kanalen oer de stop, om teloarstelling foar te kommen.

Kampanje

Yn de oanrin nei it evenemint ta die de organisaasje der alles oan om de minsken út de berms wei te lûken nei it feestterrein, der wie in hiele kampanje opset. Dêrfoar is de yntree fergees makke. Mar al by de earste dei die bliken dat der in soad besikers kamen. Tongersdei wie der rein, mar no't it wykein der is en it waar opknapt, is it ynienen wer tige drok.

No moat de stichting de besikers just werom stjoere: der wurde op de webside sichtlokaasjes dield om De Jouwer hinne, dêr't besikers dochs noch eat fan de ballonnen meikrije kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)