In part fan de Heak om Ljouwert ôfsletten fanwegen reparaasjes

Op sneon 20 july is der in lyts part fan de Heak om Ljouwert (N31) ôfsletten. It giet om in lyts stikje by de Werpsterhoeke. Ferkear yn de rjochting fan Drachten nei Harns en Grou moat by it Van der Valk Hotel (ôfslach 25) de ôfrit en oprit nimme om harren wei te ferfolgjen.
© Google Street View
Rykswettersteat moat reparaasjes oan it asfalt útfiere. It wurk set om 06.00 oere moarns útein. Om 20.00 oere giet de dyk wer iepen.