20 oeren yn in achtbaan sitte: Joey Schadenberg fan Harns besiket it

Donearaksjes foar it goeie doel: der binne der tsjinwurdich in soad. De ien noch mear bysûnder as de oar, en de 18-jierrige Joey Schadenberg fan Harns hat dit wykein ek ien te pakken. Hy sil leafst tweintich oeren lang ritsjes meitsjen yn in achtbaan yn Walibi, de Condor. Tweintich oeren lang, soe hy dat folhâlde?
© Joey Schadenberg
"Het is begonnen als grap op Twitter," leit Schadenberg út. "We zaten met vrienden te praten en ik bedacht: voor elke retweet die ik krijg, maak ik één ritje in de achtbaan. En dat is behoorlijk uit de hand gelopen." Binnen de koartste kearen hie hy nammentlik 500 retweets.
Mar 500 kear yn in achtbaan, dat kin net. "We hebben berekend dat 500 ritjes niet haalbaar is, dus we hebben gezegd dat we 20 uren in de achtbaan gaan, dan heb ik mezelf wel bewezen."

Opkikker

Hy docht it lykwols net foar himsels. "Toen ik zag dat het zo uit de hand liep dacht ik, ik moet er nu een goed doel aan koppelen zodat het ook nut heeft. Ik heb voor stichting Opkikker gekozen omdat ik zelf pretparkfan ben en ik gun die kinderen die langdurig zie zijn ook een leuke dag uit." Yntusken hat Schadenberg al 1.074 euro ophelle mei syn aksje.

'Pretparkfan'

De jonge fan Harns neamt himsels in echte 'pretparkfan': "Dat is dat je veel verschillende pretparken afgaat en bijna elk weekend wel in een pretpark bent." Dat is fan Harns ôf noch in flinke reis, mar it slagget him wol eltse kear.
Sneon set Joey útein mei syn 20 oeren yn de achtbaan. In pear dagen, oant acht oere jûns. Soe it him slagje? "Dat wordt nog even aanvoelen. Ik denk dat het wel goedkomt."
© Joey Schadenberg
Joey Schadenberg fan Harns oer syn útdaging
As jo donearje wolle foar de challenge fan Joey Schadenburg foar Stichting Opkikker dan kin dat fia dizze link.