Omrop TIP: hûndert jier skûtsjehistoarje yn 'Myn skip'

Nei in suksesfol iepenlofspulleseizoen yn 2018, wurdt it stik 'Myn skip' op sneon 20 en snein 21 july útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje. Yn twa dielen is te sjen hoe't it skûtsje 'Myn skip' yn de rin fan de jierren flink wat ûntwikkelingen trochmakket.
© Omrop Fryslân
It iepenloftspul 'Myn Skip' giet yn septimber yn reprize yn de Fryske teäters. Herman Woltman en Ella de Jong hawwe der no al sin oan. Herman: "Dit is totaal iets anders. We hebben er goed over nagedacht en we willen meer de verbeelding laten spreken. Age Veldboom is opnieuw de verteller en daarnaast tonen we ook oud beeldmateriaal. Ik denk dat de voorstelling in het theater een veel intiemere beleving wordt dan op het water in Earnewâld."

Oare spanning

Ella: "Het is anders, maar de beleving is op een andere manier hetzelfde. De voorbereidingen zijn net zo spannend als vorig jaar. We moeten nu met z'n drieën het verhaal brengen, in plaats van met al die vrijwilligers. Dat vergt een heel andere spanning."

Ald en nij

Herman: "Onze uitdaging is om te zoeken naar nieuwe oplossingen. Soms wordt het heel verrassend. Dat is ook het leuke van theatermaken: hoe neem je mensen mee in je verhaal? Daarvoor moet je het origineel loslaten en anders gaan denken. We hebben er ook over nagedacht om beelden van het iepenloftspul te tonen, maar het moet echt iets nieuws worden."

In oanrieder

Om't de bigband der yn it teater net by is, sil Ella ferskate ynstruminten bespylje. Ella en Herman riede minsken seker om op 'e nij nei it stik te kommen, ek as se it iepenloftspul al sjoen hawwe. Herman: "Het grappige is dat je door hetzelfde verhaal opnieuw geraakt wordt."
© Omrop Fryslân
Harkje nei it folsleine ynterview yn Op en Ut

It ferhaal

Op it Earnewâldster Wiid is it tsjuster. It is ein septimber en út it neat klinke ynienen koperklanken oer it wetter. Der komt in skûtsje oansilen en grutsk ropt de skipper: Myn skip! De koperklanken feroarje yn it ploffende lûd fan de opdrukker en de rook fan de diselmotor is te rûken: in nije tiid tsjinnet him oan. Sa wurdt it skûtsje 'Myn Skip' troch trije tiidrekken hinne folge. Hûndert jier skûtsjehistoarje komt yn it ferhaal mei muzyk, byld, dûns en teäter oan bar.

Besjoch it by de Omrop

Myn Skip is yn twa dielen op sneon 20 july en snein 21 july fan 17.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.