Menno Feenstra fan It Hearrenfean bêste learling-skuonmakker fan Nederlân

19 jul 2019 - 18:55

"Sy sizze wolris, rin net neist de skuon, mar dat die ik moandei echt efkes," sei heit Johannes Feenstra doe't hy te hearren krige dat syn soan in priis wûn hie. Menno Feenstra wûn de priis foar bêste learling-skuonmakker fan Nederlân. Syn heit is net sûnder reden sa grutsk, want hy wurket sels ek as skuonmakker op It Hearrenfean.

De winnende skuon fan Menno Feenstra - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Menno Feenstra is al fjouwer jier dwaande mei it meitsjen fan skuon as fak. Syn heit hat al hast tweintich jier in skuonmakkerij, dus hy hat it al jong leard. Hy fynt it in tige moai berop. "Je kunt er je creativiteit in kwijt. Elke dag heb je verschillende schoenen, nooit is het 't zelfde," seit Feenstra.

It is net de earste kear dat hy in priis wint. Earder wûn hy al in kear sulver en in kear goud op in Europeeske fakwedstriid. Dizze priis giet fan syn skoalle út. It is net samar in pryske: "De prijs is best wel uniek, want hij wordt maar eens in de zoveel jaar uitgereikt." Hy wûn de priis foar bêste learling-skuonmakker mei in pear griene skuon.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei skuonmakker Menno Feenstra

Syn heit Johannes Feenstra sjit suver fol as hy it oer it winnen fan syn soan hat. "Eins is dit de priis dy't ik altyd al hawwe woe, en no wint myn soan 'm. Ik fyn it geweldich, ik bin tige grutsk." Heit Johannes wurket al sûnt 1984 yn it skuonmakkersfak. "Sy sizze wolris, rin net neist de skuon, mar dat die ik moandei echt efkes," sei syn heit doe't hy te hearren krige dat syn soan wûn hie.

Wat is no it doel fan Menno? "Jezelf blijven en beter worden dan mijn vader," seit hy. Menno sil fierder leare yn de ortopedy, dus hy bliuwt yn it fak, ek al is it bygelyks foar minsken mei in ferskil yn lingte tusken de fuorten.

Johannes Feenstra is tige grutsk op syn soan

(Advertinsje)
(Advertinsje)