SC Cambuur stelt iepen dei út fanwege waarfoarsizzing

19 jul 2019 - 18:05

Fanwege de minne waarfoarsizzing hat SC Cambuur in streek set troch de iepen dei dy't foar sneon op de aginda stie. De supporters fan de Ljouwerter earstedifyzjonist binne no in wike letter fan herte wolkom yn en rûnom it Cambuurstadion.

SC Cambuur - Foto: www.orange-pictures.nl

Waarman Piet Paulusma foarseit dat der yn de nacht fan freed op sneon, sneon oerdei en sneontejûn ûnwaarsbuien mei hagel en swiere wynstjitten oer Fryslân lûke kinne.

Trefwurden: 
SC Cambuur iepen dei
(advertinsje)
(advertinsje)