Hoe stiet it derfoar mei de briedkoloanjes op it Waad?

19 jul 2019 - 17:36

Ferskate soarten seldsume fûgels dy't graach yn koloanjes op, of hiel ticht by it Waad briede, lykje it dit jier wat minder te dwaan op de Waadeilannen; allinnich de klikstirns (grote stern) docht it dit jier hiel goed op It Gryn. Mar op de oare eilânnen is it byld minder posityf: op Flylân, It Amelân en Skylge is der wol besocht te brieden troch stirnsen of kobben (kokmeeuw), mar dat is dêr lang net altyd slagge. Ferslachjouwer Remco de Vries makke in ynventarisaasje.

Meastentiids is it sa dat de meast kwetsbere fûgelsoarten op it Waad yn 'e regel ek op de meast kwetsbere lokaasjes briede: ticht by it wetter en it fretten. Dat betsjut ek dat it regelmjittich mis giet troch heech wetter of min waar.

Dat hoecht op de koarte termyn gjin probleem te wêzen, want it binne meastentiids lang libjende soarten. Dus sy kinne it in oar jier gewoan wer op 'e nij besykje. En dit is dit jier goed nijs, want net oeral rint it goed mei de briedkoloanjes.

Fûgeleilân It Gryn yn de winter - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Skiermûntseach

Op Skiermûntseach binne sa't it no liket gjin grutte groepen stirnsen. Tusken it meast eastlike eilân en It Amelân is it lykwols in oar, en benammen ek better ferhaal: op dit Rif sit in grut ferskaat oan stirnsesoarten. Mar it is gjin topnijs, want der hawwe wolris 1.000 briedpearen sitten, dit jier binne der sa'n 400.

Ek in lyts stikje fan de Kalkman is troch de stirnsen beset. Hjir wurde al piken sjoen.

It Amelân

Op It Amelân binne gjin grutte koloanjes fêstige op de Feugelpôlle. De kobben hawwe it wol besocht, mar dat is net slagge. De klikstirns dy't der earder mei in grutte koloanje siet, is fuortbleaun. Mooglik leit dat oan de beskikberens fan fretten, tinkt boskwachter Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear.

Skylge

Oan de eastkant fan Skylge op de Koffiebonenplaat hat in koloanje lytse stirnsen it besocht, mar dizzen binne fuortset nei heech wetter. In lyts oantal besiket it wer op 'e nij.

Op de Noardsfarder sitte dizze kear net in soad fûgels, útsein in pear bûnte wilsters. Dyselde wilsters hawwe op guon lokaasjes op it Noardseestrân ek in plakje fûn.

De Steenplaat yn oktober 2018. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It Gryn

Op It Gryn binne alle jongen fan de kobben dit jier opfretten, mar mei de koloanje klikstirnsen giet it hjir wol goed.

Flylân

De Flyhors op Flylân is oars ek wol in plak dêr't stirnsen harren thús fiele, mar dit jier is it net oeral goed ferrûn. By it Noardseestrân yn begjinnende dúntsjes hat in koloanje sitten, mar dy is nei in hiel soad rein fuortgien. Mooglik binne dy op de Slufter by Teksel bedarre. En foar it earst sit der in koloanje fan sa'n 100 klikstirnzen op de Steenplaat tusken Flylân en Teksel yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)