Warkumer oanholden dy't fertocht wurdt fan twa wapene oerfallen

19 jul 2019 - 17:28

De plysje hat freed in 29-jierrige ynwenner fan Warkum oanholden fanwege twa wapene oerfallen yn syn eigen stêd. Op tongersdei 9 maaie dit jier waard earst in man fan 85 ûnder bedriging mei in mes jild ôfstellen. Letter op de dei waard dat besocht by in 28-jierige frou.

Plysje - Foto: ANP

Omdat it net slagge om de fertochte fan dizze oerfallen te finen, sette de plysje begjin dizze moanne bylden fan de oerfaller op ynternet. Mei nei oanlieding fan tips dêroer, koe de Warkumer oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
plysje Warkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)