Hacklab Fryslân yn Ljouwert bringt jongerein op it goede paad

19 jul 2019 - 17:18

Hacke om minsken werom de maatskippij yn te krijen. Dat is it doel fan it Hacklab Fryslân. Hacke, ynbrekke yn in oar syn kompjûter of webside, klinkt net as it meast logyske paad om dat foar inoar te krijen. Mar foar in ferjitten doelgroep is it neffens Hacklab de ienige metoade. Yn Ljouwert binne se no in jier dwaande en it docht fertuten.

Hacklab

Der stiet in kompjûter op de bar en in stik as tsien ferspraat oer de romte op de flier. Der stiet der ien op in steantafel en noch in pear yn de kast. Oan kompjûters gjin gebrek yn it haadkwartier fan Frack Hackerspace Friesland.

Hackers yn de Blokhûspoarte

Yn dizze romte yn ien fan de gongen fan de Blokûspoarte yn Ljouwert komme Fryske hackers alle dagen wol efkes by inoar. Mar op freed is it it domein fan Hacklab Fryslân. Sechtjin jongeren dy't mar dreech oan wurk komme kinne en dy't faak ek harren skoalle net ôfmakke hawwe komme dan hjir om te learen oer 'etysk hacken.'

"It binne jonges en famkes dy't faak al hiel goed mei de kompjûter omgean kinne, mar dy bepaalde sosjale feardichheden misse. Bêrn dy't faak noch by heit en mem wenje en nea it hûs útkomme. Troch harren oan te sprekken op iets wat harren ynteresse hat, it hacken, besykje we harren út it isolemint te heljen."

Nienke Hoeksma is ien fan de bestjoersleden fan de stichting Cybersafe Noord Nederland, de organisaasje efter it Hackerslab. Neffens har giet it om in groep jongeren dy't faak fergetten wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Net ien hat lêst fan se, dus binne se gjin prioriteit. Pas as sy wat ferkeard dogge dan komme se yn byld. Bygelyks as se oan it hacken binne. Dan krije se te meitsjen mei de plysje." De measte jongerein komme lykwols net fia dy rûte by it Hacklab. "Sy fine ús sels fia ús webside of de gemeente meldt harren oan."

By it Hacklab krije sy les yn hoe't se harren kompjûterkunde brûke kinne foar de goeie saak. Bygelyks troch bedriuwen te wizen op de feiligensrisiko's op harren websiden. "Sy besykje dan de webside te hacken en as dat slagget dan fertelle we oan dy bedriuwen wêr't it fout giet en hoe't se dat oplosse kinne."

Wy binne no allinich noch mar aktyf yn Ljouwert, mar wy wolle graach provinsjebreed Hacklabs oanbiede.

Nienke Hoeksma, Stichting Cyber Safe Noord-Nederlân
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mar it draait by it Hacklab net allinich om it hacken sels. Se wurde ek benammen holpen yn it ûntwikkeljen fan harren sosjale feardichheden. Hoeksma: "Sy wurkje hjir yn in groep en dat is foar harren faaks al in hiele útdaging. Mar as it goed giet yn de groep kinne se dêrnei staazje rinne by in bedriuw."

En dat lêste is yn Ljouwert al in oantal kearen slagge. Ek is ien fan de dielnimmers weromgien nei skoalle om in diploma te heljen. By it Hacklab binne se dêr wakker grutsk op. Mar se wolle mear. "Wy binne no allinich noch mar aktyf yn Ljouwert, mar wy wolle graach provinsjebreed Hacklabs oanbiede. We binne dan ek mei in oantal gemeenten yn petear oer hoe't we dat dwaan kinne. En ek yn de provinsje Grinslân binne we yn ûntwikkeling."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neist it Hacklab yn Ljouwert komt der takom jier al in lokaasje by: yn de maneezje yn Snits. "Dat hat ien fan de oare bestjoersleden betocht. Dêr keppele wy it hacken oan aktiviteiten mei hynders. Dat moat de dielnimmers helpe om harren sosjale faardigheden te oefenjen", sa fertelt Hoeksma.

De Hacklabs wurde foar in part betelle troch de gemeenten dy't meidogge. Ek wurdt der gearwurke mei sosjale wurkplakken en it UWV. Mar ek it bedriuwslibben is nijsgjirrich nei it projekt. "Dizze jongeren hawwe in hiel soad kwaliteiten dêr't wy neat oan hawwe as se thús sitte. Om't se meidraaie yn it Hacklab krije se sels ek mear betrouwen yn harren sels en dertroch kinne de bedriuwen dizze jonges en famkes úteinlik hiel goed brûke."

Nienke Hoeksma fan Stichting Cybersafe Noord Nederland

(Advertinsje)
(Advertinsje)