Fryslân Fêstlein: "Neat is sa moai as in fakânsje yn eigen provinsje"

19 jul 2019 - 17:05

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear de famylje Reuzenaar, dy't op fakânsje in eigen provinsje is.

"Wy komme sels út Akkrum, mar wy geane al trije jier nei Aldegea (SWF) ta", fertelt Sjoerdje entûsjast. "Wy binne in famylje dy't sljocht is op wettersport. Myn man surft graach en myn dochters hâlde enoarm fan silen. Al dy dingen kinne je yn Fryslân fansels it bêste dwaan."

"Yn ús provinsje binne je wol ôfhinklik fan it waar, mar dat is eins oeral sa. Dêrneist is it ek moai wannear't it minder waar is. As it hurd waait, kinne je better sile", seit Sjoerdje mei in knypeach, wylst sy en har man de tinte opbouwe.

Moaiste oantinken

Nei in lytse fiif minuten oerlizze stiet de tinte op de Bearshoeke klear foar in nije fakânsje. "Wy hawwe hjir al safolle meimakke, mar ús moaiste oantinken oan de fakânsjes binne dochs wol dat alle freonen delkomme. Wy hawwe it altyd tige gesellich en wy hawwe in bulte wille."

Foto: Omrop Fryslân

Dochter Sophie hat har earste surfles ea yn de Bearshoeke hân. "Ja, dat wie wol spannend, mar it slagge wol aardich", seit Sophie grutsk. "Ik fyn it altyd sa moai dat wy hjir safolle dogge. Se jouwe hjir surfles, mar se organisearje ek feesten foar de bern."

Ha jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)