Habtamu de Hoop hâldt op by Het Klokhuis

19 jul 2019 - 16:56

It like syn dreambaan: presintator fan Het Klokhuis. Mar nei goed in jier kundiget Habtamu de Hoop fan Wommels oan dat hy ophâldt mei syn wurk foar it populêre jeugdprogramma. Hy sil bestjoerskunde studearje oan de Thorbecke Academie yn Ljouwert.

Habtamu de Hoop - Foto: Marije Kuiper

Yn april 2018 waard bekend dat de jonge Wommelser ien fan de gesichten wurde soe fan Het Klokhuis en yn oktober wie hy foar it earst yn dy rol te sjen op de nasjonale telefyzje. Hy joech syn stúdzje sjoernalistyk op foar it telefyzjewurk.

Wa is Habtamu?

Habtamu waard as poppe adoptearre troch syn âlden út Wommels. Hy groeide op yn in typysk Frysk fermidden en hy waard bekend as it jonkje dat ferneamde Friezen it keatsen learde yn it Omrop Fryslân-telefyzjeprogramma 'Keatsen foar dummy's.' Letter helle hy de finale fan it programma 'Op weg naar het Lagerhuis' werby't learlingen fan it fuortset ûnderwiis mei inoar yn petear giene. Hy wûn it net, mar foel wol op en waard frege as tafelhear by De Wereld Draait Door.

Yn 2017 waard de doe 18-jierrige Habtamu keazen yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân foar de PvdA.

(Advertinsje)
(Advertinsje)